Sipke Jan Bousema yn it spier om fan Fryslân reinbôgeprovinsje te meitsjen

15 feb 2020 - 19:23

Fryslân moat ek in reinbôgeprovinsje wurde. Dat is alteast de miening fan presintator Sipke Jan Bousema. Bousema die syn útspraken sneontemiddei yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân by Omrop Fryslân.

Sipke Jan Bousema - Foto: Wikimedia Commons

It is net de earste kear dat Bousema him hearre lit oer it feit dat Fryslân de iennichste provinsje yn ús lân is, dy't gjin reinbôgeprovinsje is. In 'Reinbôgeprovinsje' is in provinsje dy't him ynset foar alle minsken mei in oare seksuele oriïntaasje, ûnder oare troch foarljochting en ûnderwiisprojekten. Fryslân is de iennichste provinsje fan Nederlân dy't noch gjin reinbôgeprovinsje is.

De provinsje hat earder tsjin it wurden fan in reinbôgeprovinsje stimd, fertelt Bousema yn Sneon yn Fryslân. "Yn de provinsje is besprutsen oft de LHBTI-mienskip stipe wurde moat, oft de reinbôgeflagge hyst wurde moat en oft der ek belied komme moat om minsken te beskermjen. Dêr ha se nee op sein."

Diskriminaasje is noch altyd in probleem yn Fryslân, seit Bousema. "Der is noch altyd in soad diskriminaasje yn de noardlike provinsjes. Allinnich yn 2018 al wiene der 131 meldingen fan diskriminaasje, en dat binne allinnich de dingen dy't melden binne."

Dochs in reinbôgeprovinsje?

Mooglik sil Fryslân ynkoarten dochs noch in reinbôgeprovinsje wurde. "Ik bin yn petear mei GrienLinks, PvdA, de Partij voor de Dieren en D66. Der wurdt mooglik in nije moasje yntsjinne, nije moanne of de moanne dernei. Dan sille wy sjen oft se der no oars oer tinke. Ik wol graach mei alle politike partijen prate oer hoe't wy echt in ynklusive provinsje wurde kinne," sa seit Bousema.

Earder sei Avine Fokkens, doe noch steatelid foar de VVD mar yntusken deputearre, dat Fryslân gjin reinbôgeprovinsje hoecht te wurden. Net omdat se tsjin it akseptearjen fan homo's is, mar benammen omdat se fynt dat Fryslân iepen stean moat foar alle minsken.

Harkje nei it petear mei Sipke Jan Bousema

(advertinsje)
(advertinsje)