Sechstjinde plak foar twamansbob by wrâldbeker yn Letlân

Bobslider Dennis Veenker fan Damwâld is by wrâldbekerwedstriden yn Sigulda yn Letlân sechstjinde wurden. Nei de earste run wie de Nederlânske twamansbob ek sechstjinde.
© IBSF
Veenker en De Bruin wiene konstant yn Letlân. Harren tiid yn de earste run wie 50.29. Yn de twadde run kamen se nei 50.28 sekonden oan de finish.
Snein is de twadde wrâldbekerwedstriid fan it wykein yn Sigulda. Dy wedstriid is tagelyk it Europeesk kampioenskip.