9-darter foar Danny Noppert yn Wigan

15 feb 2020 - 17:44

Danny Noppert hat sneontemiddei op it tredde Players Championship yn Wigan (Ingelân) in bysûndere 9-darter smiten. Yn syn partij yn de twadde ronde tsjin Andy Boulton (6-2) smiet de Jouster dy fuortendaliks yn de earste leg. Noppert helle úteinlik de kwartfinale, dêr't hy ferlear fan lângenoat Jeffrey de Zwaan.

Foto: Orange Pictures

Sneon op it tredde Players Championship waarden efterinoar Richard North (6-1), Andy Boulton (6-2), John Michael (6-4) en Joe Murnan (6-4) ferslein. Tsjin De Zwaan gie Noppert úteinlik mei 6-3 ûnderút. Snein wurdt yn Wigan noch it fjirde Players Championship fan dit jier spile.

Op freed wie Noppert ek al yn foarm. Op twa kwalifikaasjetoernoaien foar de European Tour wie de darter suksesfol, mei as resultaat dat hy him twa kear pleatste foar de haadtoernoaien, yn Hasselt (België) en Sindelfingen (Dútslân).

Trefwurden: 
Danny Noppert darts
(advertinsje)
(advertinsje)