Winst foar Harkemase Boys yn tredde difyzje, knap punt foar ONS Snits

15 feb 2020 - 17:26

Yn de tredde difyzje fan it sneonsfuotbal hat Harkemase Boys thús mei 3-2 wûn fan Jong Almere City. ONS Snits pakte op besite by SteDoCo knap in punt, wylst VV Bûtenpost yn de haadklasse mei 5-1 ûnderút gie tsjin RKAV út Volendam.

Foto: Orange Pictures

Oanfierder Henny Bouius, dy't foar de wedstriid huldige waard foar syn 200e wedstriid yn it readwyt, iepene al betiid de skoare foar Harkemase Boys. Op oanjaan fan Jari Slort kopte er de 1-0 binnen.

Letter yn de earste helte krige Bas van Wijnen noch in mooglikheid om de foarsprong fan de Harkiten te fergrutsjen, mar syn skot miste krêft. De beloften fan Almere koene der foar it skoft net in soad tsjinoer sette.

Yn de twadde helte wie it wer Bouius dy't betiid skoarde. Hy ferdûbele de foarsprong mei in moai skot. Mei noch in heal oere te gean kaam Almere werom yn de wedstriid, doe't Rogier Benschop de 2-1 makke. Almere tocht efkes werom yn de wedstriid te wêzen, mar nei in pear minuten soarge Berwout Beimers derfoar dat it ferskil wer twa wie nei in assist fan Joris Voest.

Mei noch tsien minuten op de klok kaam Jong Almere dochs wer werom yn de wedstriid. Noah Abid makke der yn de koarte hoeke 3-2 fan. Yn in spannende slotfaze koe Harkemase Boys de winst úteinlik feilich stelle.

Harkemase Boys stiet nei de oerwinning fjirde yn de tredde difyzje. De ploech hat 39 punten út 21 wedstriden.

Tsien man ONS Snits pakke punt

Nei tsien minuten kaam ONS op 0-1 op besite yn Hoornaar. Ruendel Martina koe de Snitsers op foarsprong koppe út in frije traap. Yn de rin fan de twadde helte krige SteDoCo wol de oerhân yn it duel, mar de Snitsers koene de foarsprong fêsthâlde oant it skoft.

Yn de twadde helte wie it lange tiid ienrjochtingsferkear. SteDoCo wie baas op it fjild, mar krige de lykmakker der mar net yn. In kertier foar tiid wie it hast safier, mar Pereira rekke de peal foar de thúsploech. Troch in blessuere moast ONS Snits it de lêste tsien minuten mei in man minder dwaan. Paul Raveneau hie al trije kear wiksele en dus waard de drok fan SteDoCo noch grutter.

Sân minuten foar tiid wie it dan dochs 1-1, doe't Charlton Vicento de lykmakker makke. De thúsploech besocht it dêrnei noch wol, mar de Snitsers pakten in puntsje. Troch dat punt stiet ONS no net mear lêste yn de tredde difyzje. De klup stiet mei 11 punten út 21 wedstriden ien punt boppe VVOG.

Bûtenpost hurd ûnderút yn Volendam

VV Bûtenpost gie op besite by RKAV Volendam. Al nei fiif minuten moast Folkert van Dongera mei in blessuere fan it fjild. Oant it skoft koe Bûtenpost de tsjinstanner út Volendam noch op 0-0 hâlde.

Yn de twadde helte kaam de thúsploech nei fiif minuten spyljen op 1-0. Mei noch in heal oere te gean wie de wedstriid dien foar de Blaukes, doe't RKAV de foarsprong ferdûbele. Pas by 3-0 foar de thúsploech koe Robin Huisman de Jong de eare rêde foar Bûtenpost. Troch flaters yn de ferdigening waard it úteinlik noch 5-1.

Troch de nederlaach bliuwt Bûtenpost lêste yn de haadklasse mei 7 punten.

(advertinsje)
(advertinsje)