Judoka Tornike Tsjakadoea nei Spelen: "Mijn dag kan niet meer stuk!"

De yn Ljouwert berne Tornike Tsjakadoea is oanwiisd foar de Olympyske Spelen. De 23-jierrige judoka moat dan wol foarmbehâld toane. Hy stiet fiiftjinde op de wrâldranglist en waard troch de bûnscoach ynljochte.
© Omrop Fryslân
It betsjut in soad foar Tsjakadoea dat er yn de seleksje foar de Olympyske Spelen opnaam is. Hy debutearret op it grutste toernoai yn 'e wrâld. "Ik ben heel erg blij met deze nominatie. Het geeft mij heel veel motivatie. Het is geweldig nieuws."
Hy komt út yn de klasse oant 60 kilo. Kwa punten siet Tsjakadoea feilich, mar as dan de befêstiging komt, is dat dochs wol noflik foar him: "De bevestiging is extra zekerheid, dus mijn dag kan niet meer stuk." Tiid foar in feestje soene je sizze, mar dêr wachtet de judoka noch efkes mei. "Ik ga het pas vieren als ik een medaille haal."
Tornike Tsjakadoea oer syn nominaasje
Troch de nominaasje stiet der foar de Ljouwerter folle minder druk op de kommende moannen. "Ja, eigenlijk wel. Het is natuurlijk wel iets groots. Je gaat altijd denken: stel nou dat het niet lukt. Dat geeft wel druk. Als je dan zulk nieuws krijgt, geeft dat een goed gevoel."
It wichtichste foar Tsjakadoea is no dat er fit bliuwe moat. Dat hat konsekwinsjes foar syn programma. "Ik ga wat voorzichtiger zijn en wat minder toernooien doen om de kans op een blessure te verkleinen."