Auto folsein útbrând op A32 by Aldeholtwâlde

15 feb 2020 - 16:56

Op in parkearplak by de A32 by Aldeholtwâlde is sneontemiddei in auto folslein útbrând. De bestjoerder soe dwaande west wêze mei it byfoljen fan kuolfloeistof, doe't syn auto yn de brân fleach.

Foto: ProNews

De brânwacht hat it fjoer útmakke. De bestjoerder rekke net ferwûne.

It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe.

Trefwurden: 
auto brân A32 Aldeholtwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)