PietCast #23: "Binnen fiif jier Alvestêdetocht as Golfstream omdraait"

It earste kertierke waarpraat online mei Piet fan 2020. Noflik? Jawis! Utspraken? Ja ek: 'As de waarme Golfstream yn de oseaan omdraait ferwachtsje ik net binnen sân, mar binnen fiif jier in Alvestêdetocht'. En Piet is tenei ien kear yn de moanne te gast by de talksjo Op1 mei eftergrûnen by it waar. Piet Paulusma yn in nij legedrukgebiet op ynternet: PietCast #23!
Trailer PietCast
Fierder giet it oer stoarm Dennis fan snein, de klimaatferoaring (Piet leit dochs hieltyd faker it klam derop dat it ék natuerlike prosessen binne dy't foar de opwaarming soargje). De winterfoarsizzing komt wer net út, al soe it noch kinne mei wat winterwaar ein febrewaris, Piet hâldt noch in bytsje hoop, mar 'we hawwe mear oerlêst fan net-winterwaar as fan winterwaar. Piet is mei waarmte ûntfongen by de NPO, mar it nije wurkritme is wol efkes wenne.
Harkje nei PietCast #23 mei Piet Paulusma en Wim Brons
De PietCast is te finen op iTunes en Spotify. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. En mear oer it waar stiet op Omropfryslan.nl/waar.