Cambuur Sjoernaal: Fjoerwurk nei swierbefochten oerwinning

Fjoerwurk en mear as hûndert supporters op it Cambuurplein justerjûn let. De supporters fan de Ljouwerters hellen de spilersbus binnen nei de muoisume 1-0 oerwinning út by Almere City. It wie in belangrike trijepunter en dat beseften de fans dus mar al te goed. Matchwinner yn Almere waard Giovanni Korte.
Alles oer de oerwinning yn de nijste útstjoering fan it Cambuur Sjoernaal:
Cambuur Sjoernaal sneon 15 febrewaris