Omrop TIP: Trije films fan jonge filmmakkers

15 feb 2020 - 15:30

Fryslân DOK presintearret trije nije koarte films, makke troch jonge makkers mei in eigen blik op de wrâld. De films binne 'Onder Water' fan Tristan Visser, 'Onsje minder' fan Menno Boersma en Marinthe de Hek, en 'Doorgaan' fan Johanneke Dijkstra.

Onder Water

Tristan Visser is muzikant. Op syn reizen eksperimintearret hy mei lûd. Hy is opgroeid op Skylge en fielt him ferbûn mei de see. Foar it ûnderwetterlibben is lûd it primêre sintúch.

Yn syn film 'Onder Water' ûndersiket Tristan it lûdslânskip fan de see en it effekt fan minsklike aktiviteiten dêrop. Tristan: "In de Noordzee zwemt de bruinvis, die gebruikmaakt van echolocatie. Walvissen kunnen op hele lange afstand met elkaar communiceren door hun gezang. Bij scheepvaart, de aanleg van windmolenparken, militaire oefeningen en seismisch onderzoek naar gas- en olievelden maken we veel herrie onder water."

Mei in sylboat en in filmcrew fart Tristan nei de Arktyske Oseaan by Grienlân, om kontakt te sykjen mei de bisten.

Tristan Visser, Groenland II - Foto: Esther Kokmeijer

Tristan Visser: "Na het ontdekken van het geluid dat de veerboot naar Terschelling onder water maakt, vroeg ik me af of dit ook verstorende effecten kan hebben op de dieren in zee. Bruinvissen in de Noordzee worden verdreven door het constructiewerk van de windmolenparken. Soms zijn er aanvaringen met walvissen, die juist aangetrokken worden door het geluid van schepen. Ik ben muzikant en ik vroeg me af: Als een walvis op mijn muziek zou reageren, betekent dat dan ook dat het leven in zee wordt beïnvloed door onze geluiden van de industrie op zee?"

Tristan Visser, Groenland - Foto: Esther Kokmeijer

Tristan Visser: "De opening van de noordelijke scheepvaartroute tussen Europa en Azië zou betekenen dat wij paringsgronden doorkruisen van de schaarse populatie ijswalvissen tussen Spitsbergen en Groenland. Er is meer aandacht en gesprek nodig over het ruimte geven aan de dieren in zee. Dit wil ik gedaan krijgen door met mooie muziek vragen op te wekken bij mensen."

Filmstill út 'Doorgaan', de film fan Johanneke Dijkstra - Foto: Johanneke Dijkstra

Doorgaan

De haadpersoan yn de film 'Doorgaan' fan Johanneke Dijkstra is boksleginde en -coach Piet Rozendaal út Ljouwert. Piet groeide op yn de Bûterhoeke yn Ljouwert, in buert fan earmoede. De Prinsetún wie Piet syn earste boksring. Buert tsjin buert. Jo wiene elkoars freon en fijân.

Dizze wearde fynt Piet letter yn it boksen werom. 'Doorgaan' is in dokumintêre oer krêft en oerlibje. Wat dochst, as it libben dy 'knock-out' slacht? Bliuwst lizzen, of komst oerein? En naaist dan út of slachst werom?

Piet Rozendaal, bokstrainer yn Ljouwert - Foto: Johanneke Dijkstra
(advertinsje)
(advertinsje)