Suzanne Schulting wint wrâldbeker 1500 meter, De Laat pakt brûns op 1000 meter

Shorttracker Suzanne Schulting hat sneontemiddei de wrâldbeker op de 1500 meter wûn. Yn Dordrecht wie Schulting de rapste, en dat wie genôch om wis te wêzen fan de einoerwinning.
Suzanne Schulting
Schulting wachte yn de finale foaral ôf en besocht de nûmer twa yn it klassemint, Yu Tong Han, yn de gaten te hâlden. Foar it lêste rûntsje kaam se nei foaren. Fan it twadde plak ôf sette Schulting krekt foar de finish de oanfal yn op de Súd-Koreaanske Ji Yoo Kim. Foar in útsinnich publyk pakte Schulting it earste plak. Ah Rum Noh, ek in Súd-Koreaanske, waard tredde.

Knegt wint B-finale

Sjinkie Knegt en Sven Roes waarden earder op de dei útskeakele op de 1500 meter. Sy wiene yn de B-finale wol skerp. Mei in knappe ynhelmanoeuvre waard Knegt earste, rom foar Roes. Keita Watanabe út Japan waard tredde.
© Orange Pictures
Itzhak de Laat waard sneon tredde op de 1000 meter. De Ljouwerter gie oan kop, mar by it yngean fan it lêste rûntsje foel hy. Omdat hy de Kanadees Pierre-Gilles, dy't earder al ûnderút gie, noch ynhelle en de Súd-Koreaan In Wook Park in penalty krige, pakte De Laat dochs noch in brûnzen medalje, syn earste medalje op in wrâldbeker. De Súd-Koreaan Dagyeom Kim wûn de ôfstân, foar de Kanadees Cedrik Blais.
Daan Breeuwsma en Dylan Hoogerwerf diene ek mei op de ôfstân, mar waarden yn de heats al útskeakele. Breeuwsma stiet achtste yn it klassemint en komt snein, op de twadde 1000 meter, wer yn aksje.

Manlju en froulju troch nei relayfinale

Sina wûn sneon de mixed relay. It Nederlânske team, mei Breeuwsma, De Laat, Schulting en Lara van Ruijven, waard yn de kwartfinale al útskeakele.
It (folslein Fryske) manljusrelayteam slagge der yn om de finale te heljen. Yn de twadde heat fan de heale finales waarden Breeuwsma, De Laat, Knegt en Roes twadde, genôch foar pleatsing yn de finale.
By de froulju - mei Friezinnen Suzanne Schulting en Rianne de Vries - helle de finale ek. De froulju waarden rom earste yn harren heat, foar Kanada en Japan.