Sjinkie Knegt wint B-finale by rentree

15 feb 2020 - 14:57

Sjinkie Knegt is by syn rentree by de wrâldbeker shorttrack yn Dordrecht útskeakele op de 1500 meter. Yn de heale finale kaam hy net fierder dan in tredde plak yn syn heat. Dêrtroch moast hy tefreden wêze mei de B-finale.

Knegt wie belutsen by in falpartij, wêrnei de heale finale opnij starten waard. Doe kaam Knegt net fierder dan it tredde plak. De Bantegeaster komt noch wol út op de relay.

Sven Roes waard yn syn heat ek tredde en pleatste him ek foar de B-finale. Yn de B-finale wie Knegt de rapste, Roest waard twadde.

Sjinkie Knegt oer syn dei op de wrâldbeker yn Dordrecht

(advertinsje)
(advertinsje)