HEA! Peter is sljocht fan Lego

15 feb 2020 - 14:30

Peter Hooghiemster fan Drachten hat as bern al in soad mei Lego boud en dat is net mear fuortgien. Op dit stuit bout er oan in Lego-projekt mei meardere bouwers. Mar eins is syn grutte leafde it bouwen fan frachtweinen en ridders. Op syn spesjale Lego-keamer steane tûzenen bakjes mei Lego yn alle kleuren.

(advertinsje)
(advertinsje)