Freerunners toane keunsten op kampioenskip yn Jobbegea

15 feb 2020 - 16:00

Hast 400 freerunners út hiel Nederlân, en ek út it bûtenlân, dogge dit wykein yn Jobbegea mei oan it IFKF: Iepen Frysk Kampioenskip Freerunnning. De sechsde edysje is de grutste freerunning-kompetysje fan de wrâld.

De sporthal is omboud ta in 'urban freerunparcours', mei steigers, in muorre en in auto. Der binne twa ûnderdielen: in jam en in wedstriid. By de jam kinne freerunners frij traine.

Der binne twa kategoryen Speed en Style. Dêrby moatte dielnimmers of sa fluch mooglik of sa moai mooglik mei allerhanne trúks as salto's it parkoers ôflizze.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by it Freerunnen

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
(advertinsje)
(advertinsje)