Nije kroech 'De Herberg' yn Waskemar skinkt inkeld alkoholfrij

15 feb 2020 - 11:07

Nei jierren hat Waskemar wer in kroech. Midden yn it doarp is De Herberg iepene. In plak dêr't minsken oerdeis in kop kofje, in broadsje of in buorrel krije kinne. It folsleine assortimint is alkoholfrij.

In groep ynwenners fan Waskemar kaam in pear jier lyn mei it idee om fan De Herberg wer in kroech te meitsjen. It doarp, mei krekt mear as 800 ynwenners, hat wol in doarpshûs, mar dat is allinne jûns iepen en sit by de sportfjilden oan de râne fan it doarp.

In moetingsplak miste it doarp noch. "Yn Waskemar is gjin bakker, gjin slachter, gjin winkel. Dus je komme mekoar net mear tsjin. Je witte net mear wa't in poppe krigen hat of wa't siik is en wol in blomke brûke kin. Doel is dan ek dat De Herberg in moetingsplak wurdt", fertelt Ieke Otter, bestjoerslid fan Stichting De Herberg.

Foto: Omrop Fryslân

Yn De Herberg hat earder in kapsalon, in kroech en dêrnei in ytkafee sitten, mar de lêste jierren wie it ytkafee allinne op ôfspraak iepen. Doe't de eigeneresse siik waard en De Herberg net mear draaiende hâlde koe, hat ien it opkocht. In bestimming wie der noch net.

It gebou is troch Stichting De Herberg weromkocht. It jild dêrfoar kaam fan allegear minsken út Waskemar en omlizzende doarpen. Dêrneist hat de stichting subsydzje fan de gemeente en fan it Mienskipsfûns krigen.

De Herberg moat in moetingsplak wurde foar minsken dy't net altyd nei it doarpshûs gean of dy't graach oerdeis wat dwaan wolle mei oare minsken.

Ieke Otter - Stichting De Herberg

"Yn it pleatslike krantsje hjir yn de buert hawwe we in advertinsje pleatst. Oft we ek jild fan minsken liene koene tsjin twa prosint rinte. En it grutte foardiel op dit momint is, dat de banken gjin rinte jouwe. En by ús koest twa prosint krije. En sa hawwe we in bedrach fan 250.000 sammelje kinnen", fertelt Ieke Otter fan stichting De Herberg.

Dat De Herberg gjin alkohol skinkt, is bewust. De stichting wol net konkurrearje mei it doarpshûs. Sa sil De Herberg ek gjin aktiviteiten organisearje dy't ek al yn it doarpshûs binne.

"De Herberg moat in moetingsplak wurde foar minsken dy't net altyd nei it doarpshûs gean of dy't graach oerdeis wat dwaan wolle mei oare minsken."

Kursus

Fan tiisdeis oant en mei sneins is De Herberg iepen, tusken 10:00 oant 17:00 oere. Alle dagen steane twa frijwilligers yn de kroech om de saak te runnen.

Yn totaal sille tritich frijwilligers de kroech draaiende hâlde. Net elkenien hie hoareka-ûnderfining. Dêrom hawwe se fan in professional in kursus krigen yn biertaapjen, itensieden en servearjen.

Simmers sil de kroech miskien langer iepen wêze, dan hoopje de frijwilligers dat in protte fytsers delkomme foar wat lekkers.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld op besite by De Herberg

(advertinsje)
(advertinsje)