Oarlochsdeiboeken fûn fan predikant Felix van der Wissel

Der binne deiboeken út de oarloch foar it ljocht kaam fan de menistepreker Felix van der Wissel fan Ljouwert. Hy preke tsjin geweld en hy brocht yn it geheim Joadske bern ûnder by Fryske pleechgesinnen. Yn ien fan syn deiboeken is sels in anonime brief fûn fan in tsjerkegonger, lid fan de NSB, dy't fûn dat Van der Wissel ophâlde moast mei de oarloch te neamen yn syn preken. Oars soe hy him arrestearje litte, sa drige de brieveskriuwer.
In brief fan in NSB-er oan Felix van der Wissel © Omrop Fryslân, Karen Bies
Felix van der Wissel besocht foar Joadske bern in ûnderdûkplak te finen op it Fryske plattelân. Hy arbeide op mei oare dûmny's en frege ek syn gemeenteleden fan de doopsgesinde tsjerke om har ferantwurdlikens te nimmen. In soad fan wat Van der Wissel yn de oarloch dien hat, wie by syn bern en bernsbern net bekend.
Yn desimber 2019 wie Joris van der Wissel yn de menistetsjerke yn Ljouwert en hearde fan koster Appie Vellinga dat syn oerpake Felix van der Wissel 'in held' west hie. De famylje hat doe de deiboeken fan pake út de oarloch opsocht, om se yn de krystfakânsje te lêzen.
Karen Bies prate mei de famylje fan Felix van der Wissel
Baukje van der Wissel tusken de famyljekroniken fan har pake Felix © Omrop Fryslân, Karen Bies
Felix van der Wissel stie fan 1937 oant 1957 op 'e kânsel fan de menistetsjerke oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert. De leden fan dizze tsjerke wennen yn Ljouwert en omjouwing. Sa koene yn de oarloch Joadske bern yn feiligens brocht wurde by pleechgesinnen op it plattelân.
Van der Wissel krige help fan Krijn van der Helm, lid fan de tsjerke en belutsen by de LO (Landelijke Organisatie voor hulp aan onderduikers) en de Knokploech fan Ljouwert.
Portret dûmny Felix van der Wissel © Famylje Van der Wissel

Felix van der Wissel

Felix van der Wissel wurdt berne yn 1892 en begjint op syn 18e jier earst oan in stúdzje medisinen. Letter studearret er teology en wurdt predikant. Hy is oertsjûge pasifist en nimt stelling tsjin eltse foarm fan geweld. Syn foarbylden binne de Russyske skriuwer Tolstoj en de Yndiaaske lieder Gandhi.
Syn frou Bep Zeller begjint yn harren hûs oan de Emmakade in berneklinyk foar lytse poppen. Yn de winter fan 1944-1945 wurde dêr in soad bern út it westen fan it lân, slachtofferkes fan de hongerwinter, ûnderbrocht.
Nijjierskaart Felix van der Wissel © Famylje Van der Wissel
Yn de kroniken fan Felix van der Wissel stiet net folle konkreets oer syn geheime aktiviteiten. It fernuveret Baukje van der Wissel net: "Zoals zoveel mensen in die tijd waren mijn grootouders heel voorzichtig met wat ze opschreven." Dochs is der genôch weardefols foar it ljocht kaam, dat fertelt oer wat de Van der Wissels dien hawwe.
Der sitte kranteknipsels en brieven ynplakt yn de deiboeken. Bygelyks de anonime driichbrief fan ien fan de tsjerkeleden, mar ek in tankbrief fan it menistefermidden Menno Simonsz. "Bij U kwamen we nooit voor de dichte deur, 's morgens vroeg niet en 's avonds laat ook niet. Wanneer iemand bereid was ons te helpen, dan was U het wel."
Tankbrief fan de 'Menno Simonszkring' oan famylje Van der Wissel © Famylje Van der Wissel