'Friezen voor Frisse lucht' pleitet foar stookferbod: "It is net mear fan dizze tiid"

15 feb 2020 - 08:52

De beweging 'Friezen voor Frisse lucht' pleitet foar in stookferbod foar hout- en pelletkachels en barbecues. Foar minsken dy't lêst hawwe fan de luchtwegen is it in griis. Oaren hawwe der beswier tsjin om't se de belêsting foar it klimaat te grut fine. Yn Ljouwert kamen freedtejûn lotgenoaten byinoar.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ien fan de besikers soe it leafst in stookferbod ha wolle. "Ik woon in Drachten in een wijk waar ik erg veel last heb van rook. Ik vind dat mensen er niet genoeg rekening mee houden. Afspraken worden niet nagekomen. Het stinkt in de wijk, ik ben kortademig en hoest veel."

In oar fertelt dat se ek oerlêst ûnderfynt. "Winterdeis rûke we it yn de sliepkeamer, yn de keuken, oeral." Wer in oar fertelt dat er der lêst fan hat by it sporten. "Ik draaf by Lionitas en op de atletykbaan leit by stil, skier waar in tekken fan lucht, dat merkst by it draven."

Neffens ien fan de besikers is it stoken net mear fan dizze tiid. "Der komme in soad fynstoffen frij en dat is skealik foar longen. We moatte ús hâlde oan klimaatferdraggen, dan sette minsken mar in telefyzjeskerm oan mei flammen derop."

Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie by de jûn

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Neffens heechlearaar ekology en biology Louise Vet binne pellet- en houtkachels net duorsum en foarmje se ek in bedriging foar de folkssûnens.

(advertinsje)
(advertinsje)