Garnalefiskers ha yn 2017 en 2018 tefolle fiske yn Waad- en Noardsee

15 feb 2020 - 07:52

Garnalefiskers fisken yn 2017 en 2018 folle mear oeren op de Waadsee en de Noardsee as dêr't sy rjocht op hawwe. Dat docht bliken út sifers fan it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiskerij dy't de NOS yn hannen krigen hat.

"De vissers beloofden de impact van hun visserij in deze natuurgebieden te halveren", seit Wouter van der Heij fan de Waadferiening. "Maar als er zoveel gevist wordt, dan hebben we het niet over een halvering, maar juist over een verdubbeling van de impact."

Yn de Waad- en Noardsee meie de fiskers maksimaal 130.000 oeren fiskje. Dat it der folle mear wurden binne, kinne je de yndividuele fiskers net oanrekkenje, fynt Van der Heij. Dy hawwe gjin sicht op hoefolle oeren oft sy noch fiskje meie. Dat soe de fiskerijsektor sels regelje.

Dêr komt noch by dat in wichtich ynstrumint om tafersjoch te hâlden op de fiskoeren en lokaasje net wurket. Dat is de saneamde blackbox. De NVWA hat net in soad middels om op in oare wize tafersjoch te hâlden. De Waadferiening wol dat der in systeem komt wêrby't yndividuele fiskers krekt witte wêr't sy oan ta binne. Boppedat moat der in wurkjende blackbox komme.

Wouter van der Heij fan de Waadferiening

Garnalefisker op de Noardsee boppe de Waadeilannen - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Trochdat der mear fiske wurdt yn stee fan minder is der ek mear byfangst en wurdt ek mear oer de seeboaiem sleept. Beide binne net goed foar de natuer. Al is dat wol lêstich te bewizen, om't foar dat soarte fan ûndersyk gebieten nedich binne dêr't net fiske wurdt as ferlikingsmateriaal.

Probleem is dat der sterke oanwizings binne dat der ek yn foar de fiskerij sletten gebieten dochs fiske wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)