PR foar Letitia de Jong op 500 meter, Femke Kok rydt op 'e nij wrâldrekôr junioaren

15 feb 2020 - 02:02

Letitia de Jong is sechde wurden op de 500 meter fan it WK ôfstannen. Se ried yn Salt Lake City 37,19 en dat is in persoanlik rekôr. Ek Femke Kok skreau op 'e nij histoarje: se skerpe har eigen wrâldrekôr foar junioaren fierder oan. Kok finishte yn 37,45 en dat wie goed foar it njoggende plak. De oerwinning gie nei de Japanske Nao Kodaira.

Foto: ANP

Rekôrs

De Jong ried yn rit trije de bêste tiid dy't se oait riden hat. Har 37,19 is in persoanlik rekôr. Ferline wike yn Calgary hie se dat oanskerpe, mar dêr ried de Feanwâldster no hast twa tsienden ôf. Dêrnjonken is De Jong by de froulju, op Jouster Thijsje Oenema nei, de rapste Nederlanner oait op de 500 meter. Oenema is noch altyd hâldster fan it Nederlânsk rekôr yn 37,06.

Kok wie foar De Jong de earste Friezinne dy't yn aksje kaam op de 500 meter. Se ried yn de twadde rit en nei in goeie iepening fan 10,52 koe se nei in wrâldrekôr foar junioaren én in persoanlik rekôr ride. Allinne yn de lêste bocht hie de rydster fan Nij Beets in lytse flater, mar in soad tiid hat har dat net koste. 37,45 wie har eintiid. In moanne lyn hie Kok it wrâldrekôr foar junioaren al oanskerpe nei 37,66. Dêr giet dus no wer mear as twa tsienden ôf.

Letitia de Jong oer har 500 meter

"Hartstikke tefreden"

De Jong is wiis mei har persoanlike rekôr, mar hie dochs stikem hope op mear. "Spitich dat ik tekoart kaam foar it Nederlânsk rekôr. Dat hie hielendal fantastysk west. Mar, al mei al, it sechde plak. Ik ried in hartstikke goeie race en bin hartstikke tefreden." Freed helle De Jong, mei Kok, ek al goud op de teamsprint. "Ik bin gewoan goed oan it riden. Ik ha sin oan moarn." De Jong rydt sneon ek noch de 1000 meter.

Femke Kok oer har 500 meter

"Gjin spyt"

De 37,45 fan Kok is in tiid dêr't se bliid mei is. "It is ek noch ris myn fluchste rûntsje oait", fertelt se. Dochs baalt se wol fan de lêste bocht. Dêryn makke se in lytse flater: "Ik wie hiel gespannen, om't ik letter starte moast fanwegen in iisreparaasje. Ik snie de bocht ferkeard oan en dêrtroch koe ik him net hielendal lekker trochrinne."

Nei it goeie NK ôfstannen ein desimber twivele Kok oft se hjir op dit WK foar senioaren ride moast. Nije wike is nammentlik it WK foar junioaren dêr't se ek ride wol. "Ik haw in superleuk wykein hân. Datst ride meist tusken al dy grutte nammen is dochs wol echt spesjaal. En datst dan ek noch yn de top tsien einigest. Ik ha seker gjin spyt fan de kar."

Oerwinning

De wrâldtitel op de 500 meter gie nei Nao Kodaira, dy't mei 36,69 rapper wie as de Russinnen Angelina Golikova (36,74) en Olga Fatkulina (36,78).

Utslach 500 meter froulju

1. Nao Kodaira 36,69
2. Angelina Golikova 36,74
3. Olga Fatkulina 36,78
4. Vanessa Herzog 36,96
5. Kimi Goetz 37,18
6. Letitia de Jong 37,19
9. Femke Kok 37,45

Manlju

Wrâldrekôrhâlder Pavel Kulizhnikov ried nei de wrâldtitel by de manlju. Hy ferbettere syn eigen wrâldrekôr net, dêr siet de Rus krekt in tsiende boppe. Syn 33,72 wie by dizze 500 meter fierwei de rapste tiid. As twadde einige Kulizhnikov syn lângenoat Ruslan Murashov yn 33,99. It brûns gie nei Japanner Tatsuya Shinyama.

De bêste Nederlanner wie Kai Verbij, dy't yn 34,32 as tsiende einige.

(advertinsje)
(advertinsje)