De Jong, Wüst en Wijfje ride nei sulver op ploege-efterfolging

15 feb 2020 - 00:26

Antoinette de Jong, Ireen Wüst en Melissa Wijfje binne twadde wurden op de ploege-efterfolging fan it WK ôfstannen. De Nederlânske froulju kamen yn de lêste rit net oan de tiid fan Japan, dat mei 2.50,76 in nij wrâldrekôr ried.

Melissa Wijfje, Antoinette de Jong en Ireen Wüst op de ploege-efterfolging - Foto: ANP

Grutte Fryske ynbring

De Nederlânske ploech bestie út twa Friezinnen: Antoinette de Jong en Ireen Wüst. Mar dêr bleau de Fryske ynbring net by, want de tredde rydster wie Melissa Wijfje, dy't foar it Gewest Fryslân rydt.

Yn de tredde fan fjouwer ritten kaam Japan yn aksje en dy setten de standert heech foar Nederlân, dat yn de lêste rit tsjin Kanada ride moast. Japan ried mei 2.50,76 nammentlik in wrâldrekôr. Oant healweis de race sieten de Nederlânske froulju krekt boppe de tiid fan de Japanners, mar yn de lêste rûntsjes rûn it ferskil te hurd op. Dêrtroch einigen De Jong, Wüst en Wijfje in lytse twa sekonden efter Japan. It 2.52,64 fan Nederlân wie wol goed foar in nasjonaal rekôr.

Ferline jier einigen de Nederlânske froulju ek al as twadde efter Japan.

"Dûbeld gefoel"

De Jong hâldt in 'dûbeld gefoel' oer oan de ploege-efterfolging. "Ik wit dat it noch folle better kin, mar it kaam der op dit momint net út. Yn it begjin rieden we bêst goed en siet der rêst yn. Op in gegeven momint gie dy rêst derút. Dan rinne myn fuotten megafol en dan fernimme je dat ik der yn de lêste rûntsjes hiel folle muoite mei haw. Dat is killing op dizze hichte. Allinne we meie dochs wol bliid wêze mei dizze sulveren plak op dit momint", sa sei de Rottumse nei ôfrin yn Salt Lake City.

Utslach ploege-efterfolging froulju

1. Japan 2.50,76
2. Nederlân 2.52,64
3. Kanada 2.53,61
4. Ruslân 2.53,91
5. Poalen 2.59,23
(advertinsje)
(advertinsje)