Gjin medalje Jorrit Bergsma op 10 kilometer, Kanadees Fish rydt wrâldrekôr

14 feb 2020 - 23:45

Jorrit Bergsma is syn wrâldtitel op de tsien kilometer kwyt. Hy einige freed yn Salt Lake City as fjirde mei in tiid fan 12.48,45. Dat wie in heale sekonde te dreech foar in poadiumplak. De winst gie ferrassend nei de Kanadees Graeme Fish, dy't in nij wrâldrekôr ried: 12.33,86.

Jorrit Bergsma op de 10 kilometer - Foto: ANP

De Boarnster kaam al yn rit trije yn aksje en sette útein op in skerp skema. Sa'n tweintich rûntsjes koe er dat flakke skema fan rûntsjes leech yn de 30 fêsthâlde. Dêrnei rûnen syn rondetiden rap op. Doe't er oer de finish kaam, wie er al wis dat it net genôch wie foar winst: in rit earder hie Patrick Beckert al rapper riden.

Wrâldrekor Fish

Yn rit fiif soarge Graeme Fish foar in grutte ferrassing troch in nij wrâldrekôr te riden. De Kanadees sette útein mei rûntsjes leech yn de 30, mar koe fersnelle nei rûntsjes 29. Syn tiid fan 12.33,86 wie goed twa sekonden rapper as it âlde wrâldrekôr, dat yn hannen wie fan Ted-Jan Bloemen.

Bloemen kaam yn de lêste rit yn aksje tsjin Patrick Roest, mar sy kamen net mear yn de buert fan de rapste tiid. Der wie noch wol sulver foar Bloemen. Roest stikken oer de streek yn 13.03,90.

Jorrit Bergsma oer de tsien kilometer

"Bot teloarsteld"

De teloarstelling wie nei ôfrin grut by Bergsma, want hy hie foarôf op mear rekkene. "Ik bin bot teloarsteld. Hielendal as regearjend wrâldkampioen wolle je je titel ferdigenje. Dat je him op dizze wize ferlieze, is wol bysûnder soer. Doe't ik oer de finish kaam, hie ik fuortendaliks al yn de gaten dat it poadium hiel lestich wurde soe."

It ferfal wie te grut yn de lêste fiif rûntsjes fan Bergsma. "Oant in pear rûntsjes foar de ein ried ik in hiele goeie, deeglike rit. Mar ik fielde it wol wat oankommen en dan misse je dochs krekt de skerpte wat. Dan spilet de hichte en de waarmte miskien wat mei. Ik hie krekt net dy lêste skerpte om him flak nei hûs te riden."

Utslach 10.000 meter manlju

1. Graeme Fish 12.33,86
2. Ted-Jan Bloemen 12.45,01
3. Patrick Beckert 12.47,93
4. Jorrit Bergsma 12.48,45
5. Ryosuke Tsuchiya 12.55,62
(advertinsje)
(advertinsje)