Drachtster Boys wint yn Zwolle en bliuwt koprinner

14 feb 2020 - 23:34

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys ha freed mei 3-0 wûn op besite by Exstudiantes út Zwolle. Troch de oerwinning steane de Drachtsters no fjouwer punten los fan de earste efterfolgers.

Foto: twitter @DFTda1

Jessie Prijs skeat de Friezinnen yn de earste helte op foarsprong nei in lange bal fan Esther van Toledo.

Dêrnei bleau it lang spannend, omdat Drachtster Boys gjin dien wurk makke. Exstudiantes waard in pear kear gefaarlik yn de counter, mar Prijs makke mei har twadde treffer in ein oan dy spanning. Amber Werkman makke der yn de slotfaze noch 0-3 fan.

Drachtster Boys hat nei 14 wedstriden 33 punten. De earste efterfolgers binne Team Alkmaar en Feyenoord, mei 29 en 27 punten.

(advertinsje)
(advertinsje)