Henk de Jong: "We ha dit op karakter dien, dat is in boppeslach"

"Ik gun it de jonges sa!" De opluchting wie fan Henk de Jong syn gesicht ôf te lêzen nei de oerwinning op Almere City. "Ik ha krekt de bank as earste in komplimint jûn. Hoe't se meilibje, meitinke, hoe't se klearsteane. En as we it dan oer de streek lûke, ûnfoarstelber moai."
Henk de Jong:
Henk de Jong
Foar de ôftraap moast Cambuur earst wer in ôffaller ferwurkje: Mitchel Paulissen foel út mei in blessuere. "Dat wie al de safolste", sei De Jong. "Yn de besprekking ha ik tsjin de jonges sein: it team bepaalt hoe heech oft we einigje."

Dan mar lang

De Jong jout ta dat it net in ienfâldige wedstriid wie, mar dat lei net allinnich oan de tsjinstanner. "Koest op dit fjild ek net fuotbalje. We ha dit op karakter dien, dat is in boppeslach. As wy opbouwe soene, dan hiene we ferlern. Dus as je lang spylje moatte, dan spylje je lang. As Issa Kallon noch wat fierder is, dan counterje we se derút."
De Jong hat sels ek troch dat dit nei de wedstriid fan ferline wike, dy krekt wûn waard fan MVV, de twadde, drege wedstriid op rige is dy't wûn wurdt. "Dit is net normaal. Dit binne oerwinningen, dêr prate je letter noch oer. Hiel belangryk."
Gunst it him fan herte, it is in geweldige jonge.
Henk de Jong oer Giovanni Korte
Giovanni Korte soe net yn de basis begjinne, mar fanwegen de blessuere fan Paulissen stie er dochs oan de ôftraap. Betiid yn de twadde helte makke er de iennige goal. De Jong is bliid foar him: "Gunst it him fan herte, it is in geweldige jonge. De spilers binne stapelgek mei him. It is in gongmakker. En ik hoopje dat de druk dy't er himsels opleit no fan him ôf falt. Want hy kin noch folle mear as dat er sjen lit. Us minsken hâlde aanst ek fan dit mantsje. In spesjaal gefal, dat fyn ik moai."

"Onbeschrijflijk"

Korte wie sels fansels ek tige wiis mei syn goal en de oerwinning. Hy lei er 4,5 moanne út mei in blessuere en stie no ûnferwachte oan de ôftraap. En dan ek noch skoare. "Het is onbeschrijflijk, hier doe je het voor. Ik heb hier keihard voor gewerkt, samen met de fysiotherapeuten en iedereen die met mij te maken had. Een goal en drie punten, dat is het allerbelangrijkste."
Giovanni Korte:
Giovanni Korte
Hy hearde sa'n tsien minuten foar de wedstriid dat er yn de basis stie. "Mitchel had last van z'n hamstring. Ik was gelukkig al opgewarmd, want ook als wisselspeler moet je goed warm zijn. Dat was nu mooi meegenomen.

Wiis mei Antonia

Syn goal makke er op oanjaan fan Jarchinio Antonia. "Ik spreek vaak met 'Chinio over patroontjes. Voor de wedstrijd hadden we het er nog over. Daarom was ik ook heel blij dat hij die bal daar gaf op dat moment."