Advokaat oer fleanbasis Ljouwert: "Der leit gjin oanfraach, dus der is ek gjin fergunning"

14 feb 2020 - 22:58

De fleanbasis Ljouwert hat gjin omjouwingsfergunning foar de komplete fleanbasis én gjin natuerfergunning. Dat seit advokaat Gina Kamsma, dy't op fersyk fan stedsblog Liwwadders de saak útsocht oan de hân fan stikken fan de Inspectie Leefomgeving en Transport. Neffens Kamsma binne de twa fergunningen essinsjeel om útwreidzje te meien en om oan de hjoeddeistige miljeuregels te foldwaan.

Kamsma fertelde deroer yn Weistra op Wei:

Kamsma stelt dat de ynspeksje yn earste ynstânsje net bliid wie dat der gjin goede omjouwingsfergunning lei fanwegen fan de risiko's foar it miljeu. De ynspeksje wiist it Ministearje fan Definsje der sûnt 2016 al op dat der in fergunning oanfrege wurde moast.

"De ynspeksje hat echt dúdlik yn in brief skreaun dat de oanfraach foar de nije omjouwingsfergunning der op 1 maart 2019 wêze moast", seit Kamsma. "Mar dêrnei wiene der allegear nije aktiviteiten op de basis dy't wol in fergunning krigen ha, wylst de ynspeksje yn in brief oanjûn hat dat se gjin fergunning mear ferliene soene."

De ynspeksje soe gjin nije fergunning mear ferliene omdat alles draait om ien nije omjouwingsfergunning foar de hiele fleanbasis.

Komst F-35 feroaret alles

Troch de komst fan de F-35 feroaret der fan alles op de basis. Sa binne der nije gebouwen kaam, dêr't gjin omjouwingsfergunning foar is. De hiele ynrjochting fan de fleanbasis is oars as wat der yn de âlde fergunning stie.

Neffens Kamsma is der op dit stuit gjin nije fergunning en ek gjin oanfraach dêr foar.

Politike fragen

Ek polityk bûcht him oer de saak. Twadde Keamerlid Isabelle Diks fan GrienLinks reagearret op de kwestje: "Het lijkt erop dat Defensie blijkbaar niet met deze vergunning aan de slag is gegaan, terwijl dat wel aan lokale bestuurders en aan de Kamer was toegezegd. Ik vraag volgende week in de procedurevergadering een brief van het kabinet over de laatste stand van zaken ten aanzien van deze vergunningsaanvraag."

De fraach bliuwt wêrom't der gjin nije fergunningen oanfrege binne. Neffens it ûndersyk fan Kamsma komt dat trochdat de fleanbasis kampt mei personielstekoart en it oanfreegjen fan nije fergunningen is tige kompleks. Dêrby komt noch dat de stikstofkrisis ek in rol spilet yn oft de fergunning überhaupt ferliend wurde kin.

Yn de basis leit de ferantwurdlikheid fan it net oanfreegjen fan de fergunningen by Definsje, seit Kamsma. Mar de ynspeksje moat dêrop kontrolearje en hanthavenje. Dat blykt lykwols net te barren.

Defensie heeft er wel een handje van om eigenlijk niet te doen wat we met zijn allen hebben afgesproken.

John Kerstens, Keamerlid PvdA

De PvdA-fraksje yn Den Haag hat Keamerfragen steld oer de fergunningen fan de fleanbasis Ljouwert. John Kerstens fan de partij wie fernuvere, mar net ferrast doe er it nijs hearde: "Ik dacht wat ik wel eens vaker denk als Defensie in het nieuws is: dit kan toch niet waar zijn? Hoewel, het is wel Defensie. Dus misschien is het wel waar, want Defensie heeft er wel een handje van om eigenlijk niet te doen wat we met zijn allen hebben afgesproken."

Troch Keamerfragen te stellen wol Kerstens dúdlik ha oft it kloppet dat se de goede fergunningen net ha.

Reaksje fleanbasis bliuwt út

De fleanbasis is ek om in reaksje frege. Sy kinne ynhâldlik net reagearje, want de kwestje is lanlik oppakt. De Koninklijke Luchtmacht siket de saken op it stuit noch út. Sjoen dat de situaasje neffens har kompleks is, kin der net gelyk in antwurd jûn wurde op de fraach oft it kloppet dat de fleanbasis de goede fergunningen net hat.

Nei alle gedachten kinne se dêr moandei mear oer sizze. Kerstens tinkt hjir it foljende oer: "Als je die vergunning hebt, dan zou het volgens mij een koud kunstje moeten zijn om die op tafel te leggen en het feit dat men niet direct antwoord kan geven, stelt mij niet gerust."

(advertinsje)
(advertinsje)