Kabaret, muzyk en gûcheltrúks yn Ljouwerter studintekeamers

14 feb 2020 - 22:52

Gewoanwei stiet kabaretier Henk Overdijk foar grutte sealen mei hûnderten minsken. Mar op freed stie er yn de studintekeamer fan Akke te spyljen. Yn de keamer sieten fyftjin minsken op kessens, krukjes en stuollen. En sa wiene der noch njoggen Ljouwerter studintekeamers dy't foar ien jûn tsjinst diene as teäterseal.

Foto: Wytse Vellinga, Omrop Fryslân

Op ferskate plakken yn Nederlân bestiet it fenomeen al langer: Stukafest. In studintekeamerfestival wêrby't it benammen draait om it kreëarjen fan in smûke sfear wêryn't artysten ris op in oare wize spylje. Foar Ljouwert wie it dit jier foar it earst. Tsien keamers moasten romte biede oan maksimaal 200 besikers. Dy koene neist it optreden fan Overdijk ek nei bygelyks The Vices (muzyk) of it gûchelduo Magic Tom & Yuri.

Kaberetier Overdijk fûn it wol in útdaging. "Hjir kin ik echt efkes dingen besykje. Dat giet net altyd sa maklik yn de grutte teätersealen, want dêr kinne je de reaksje net altyd sjen. Hjir wol. Hjir sjogge je it publyk echt yn de eagen."

Yn it foar wiene der sa'n 100 kaartsjes ferkocht foar it nije festival. Neffens de organisaasje is it doel om it festival alle jierren weromkomme te litten.

In sfearreportaazje oer it festival

(advertinsje)
(advertinsje)