SC Hearrenfean-froulju winne mei minym ferskil fan PEC Zwolle

14 feb 2020 - 22:17

De frouljusploech fan Sportklup Hearrenfean hat foar de twadde wedstriid op rige wûn. Op Sportpark Skoatterwâld waard it 1-0 tsjin de PEC Zwolle-froulju.

Foto: Orangepictures

De iepeningsfaze kaam dreech op gong, mar it earste hichtepunt wie wol fuortendaliks gefaarlik. Hearrenfean-goalie Charetha Okken moast nei tweintich minuten spyljen rêdend optrede op in skot fan de besikers. Op slach fan rêst wie it wer Okken dy't de 0-1 foarkaam.

Ek yn de twadde helte wienen der net in soad kânsen, al kaam Hearrenfean op it oere wol goed fuort, doe't in hoekskop fan Zwolle yn it sydnet bedarre. Tsien minuten letter wie it oan de oare kant wol raak. Nei in goede aksje fan Zoï van de Ven kaam de einstân fan 1-0 op it skoareboerd.

(advertinsje)
(advertinsje)