SC Cambuur wankelet, mar wint wer mei hakken oer de sleat

14 feb 2020 - 21:55

Sportklup Cambuur hat freed mei alle muoite fan de wrâld trije punten oerholden oan de útwedstriid tsjin Almere City. Giovanni Korte, dy't spile omdat Paulissen yn de warming-up útfoel, makke nei in lyts kertier yn de twadde helte de iennige goal fan de wedstriid. Dêrnei krige Almere hiel wat kânsen, mar de ploech fan Henk de Jong hold stân.

Cambuur fiert de iennige goal mei it publyk - Foto: www.orange-pictures.nl

Cambuur moast it al dwaan sûnder Jamie Jacobs, Robin Maulun en Stanley Akoy en flak foar de ôftraap foel ek Mitchel Paulissen út. Giovanni Korte begûn dêrom yn de basis. Posityf foar Henk de Jong wie dat Issa Kallon wol wer ris by de seleksje siet.

Net te missen kâns dochs mis

De earste kâns fan de wedstriid wie foar Michael Breij. Syn skot fleach krekt njonken de krusing. Tsien minuten letter krige Jarchinio Antonia in hast net te missen kâns. Hy miste dochs. Hy krige de bal samar yn de fuotten spile fan Almere-keeper Joshua Smits, mar skeat njonken de lege goal.

Korte wie ticht by de iepeningstreffer, mar syn miste ek de goede rjochting.

Cambuur wie better yn de earste helte, mar skoarde net. Nei it skoft begûn Almere sterker, mar just yn dy faze skoarde Cambuur. Ragnar Oratmangoen stjoerde Antonia fuort op rjochts mei in skerpe djiptepass. De bûtenspiler sette foar en Korte wurke de bal fan ticht by efter Smids.

De Ljouwerters hiene in foarsprong te pakken, mar Almere bleau de bettere ploech yn de twadde helte. Doelman Sonny Stevens kearde twa lestige pogingen fan Anass Ahannach.

Yn de slotfaze hold de druk fan de thúsploech oan. In frije traap fan Youri Loen einige yn de hannen fan Stevens, mar benammen Thomas Verheydt wie ticht by de lykmakker. Syn skot gong mar in pear sintimeter foar it doel fan Stevens del. It wie de lêste mooglikheid foar Almere: Cambuur oerlibbe opnij in drege twadde helte en behâldt de foarsprong op de konkurrinsje.

Utrûn op Volendam

De Ljouwerters rinne sels twa punten út op FC Volendam. Dy ploech kaam yn eigen hûs net fierder as in lykspul tsjin Telstar. De oare grutte konkurrint, De Graafschap, wûn wol.

Takom wike spilet Cambuur in thúswedstriid tsjin Roda JC.

Almere City - SC Cambuur 0-1 (0-0) 58. Giovanni Korte 0-1

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Sambissa; Breij, Hoedemakers, Oratmangoen (79/Van Ewijk); Antonia (83/Van der Kaap), Mühren, Korte (63/Kallon)

(advertinsje)
(advertinsje)