Menamer ynbraakfertochte (34) rint tsjin 'e lampe troch fideodoarbel

14 feb 2020 - 21:25

By de rjochtbank yn Ljouwert is 30 moannen sel easke tsjin in 34-jierrige Menamer, dy't belutsen wêze soe by seis ynbraken yn Sint-Anne, Dronryp en Dokkum.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens it Iepenbier Ministearje hat de Menamer ferline jier july twa kear ynbrutsen yn Sint-Anne. In moanne letter soe hy ek trije ynbraken yn Dronryp op syn namme hawwe.

Doarbel mei kamera

Doe't de man ek noch besocht yn te brekken yn it wenning yn Dokkum rûn hy tsjin 'e lampe. By dy wente hong in doarbel mei kamera. Dêrop wie de 34-jierrige Menamer dúdlik te sjen.

De fertochte hat in tige lang strafblêd mei meardere ynbraken en fermogensdelikten. By de ynbraken waarden benammen sieraden bút makke. Ut ien fan de huzen yn Dronryp waard in ridderoarder meinommen.

Utspraak

De rjochtbank docht op 28 febrewaris útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)