Skylger boargemaster Wassink baalt: gjin jild Regiodeal foar eilannen

14 feb 2020 - 20:51

Grutte teloarstelling op de Waadeilannen, no't it jild fan de Regiodeal oan harren noas foarbygiet. De 15 miljoen gean nei Súdeast-Fryslân. De eilannen hienen it jild goed brûke kind, sa seit boargemaster Bert Wassink fan Skylge. Hy wie gast yn It Polytburo by Omrop Fryslân.

It Ryksjild hiene de eilannen stekke wollen yn it oanpakken fan it wenningtekoart, en yn it ûnderwiis. Foaral it finen fan betelbere wenromte foar starters is in grut probleem. Op Skylge is hast gjin romte om te bouwen, goed 90 persint fan de grûn is fan Steatsboskbehear.

Baan is "best pittig"

Boargemaster Bert Wassink kundige koartlyn oan dat er takom jier, oan de ein fan syn earste perioade, ophâldt. Dat wie kwa timing miskien net sa handich, sa joech Wassink ta. De measte minsken sille him ommers it kommend jier sjen as de boargemaster dy't aanst toch fuort is. Wassink wol gjin twadde termyn op Skylge, hy neamde de baan "best pittig". Hy stiet wol iepen foar in nij boargemasterskip op de fêste wâl.

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge

(advertinsje)
(advertinsje)