SC Hearrenfean moat mentale dreun ferwurkje: "Iedereen was down"

16 feb 2020 - 09:55

Nei it ferlies yn de kwartfinale fan de beker tsjin Feyenoord, moat Hearrenfean de batterij wer oplade foar de kompetysjewedstriid tsjin Vitesse. Dy wedstriid is snein en begjint om 12.15 oere.

Trainer Johnny Jansen:

It ferlies kaam hurd oan, seit trainer Johnny Jansen. Syn spilers ha der in behoarlike mentale tik fan krigen. "Wij hebben echt het gevoel gehad dat er meer te halen was. Daar hebben we wel last van."

"Het was vrijdag rustig in de kleedkamer. Als je gewonnen hebt, dan heeft iedereen het haar in de plooi, nu was iedereen down. Het oogt allemaal vermoeid. Als je wint hangt er toch een andere sfeer."

Winst is needsaak

Hearrenfean hat al seis wedstriden op rige net mear wûn en stiet no op it tsiende plak. Mei it each op de play-offs is in oerwinning op Vitesse needsaak om it seizoen net as in eintsje kears as in nachtpitsje útgean te litten. Mar winne fan Vitesse wurdt neffens Jansen net in maklike opjefte. "Matavz is een goede spits en ze hebben een aantal goede spelers om hem heen. Dus het wordt zondag een lastige wedstrijd."

Vitesse zal zeker willen voetballen en dat geeft ons weer de ruimte om te kunnen counteren of om zelf aan het voetballen te komen.

Johnny Jansen

Dochs is it de ferwachting dat der tsjin Vitesse, dat dizze wike nei ferlies tsjin Ajax ek út it bekertoernoai rekke, foar Hearrenfean mear romte wêze sil om te fuotbaljen as yn de lêste kompetysjewedstriid tsjin VVV. "Vitesse zal zeker willen voetballen en dat geeft ons weer de ruimte om te kunnen counteren of om zelf aan het voetballen te komen. Dat zijn onze specifieke kwaliteiten. Dus ik hoop dat er veel ruimte en mogelijkheden zullen ontstaan", sa seit Jansen.

Opstelling noch net wis

Jansen koe noch neat sizze oer de opstelling tsjin Vitesse, dat hinget foaral ôf fan it herstel. "We hebben wel jongens met wat kleine pijntjes, morgen gaan we kijken hoe ze er echt op staan en vanuit daar bepalen we de opstelling." Daniel Høegh (ankel), Jan Ras en Warner Hahn binne al langer út de rûlaasje en binne der net by.

De wedstriid set sneintemiddei om 12.15 oere útein en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.

(advertinsje)
(advertinsje)