Bestjoerder bestelbuske swier ferwûne nei ûngelok by Jobbegea

14 feb 2020 - 19:28

De bestjoerder fan in bestelbuske is freed by in ûngelok op de N392 by Jobbegea swierferwûne rekke. It bestelbuske wie frontaal yn oanriding kommen mei in trekker. Dêrnei rekke de bestjoerder fan it buske beknypt.

Foto: De Vries Media

De brânwacht hat it slachtoffer befrijd út it buske, wêrnei't dy oerbrocht is nei it sikehûs. De dyk waard nei it ûngelok ôfsletten foar it oare ferkear. It buske is yntusken fuort helle.

Trefwurden: 
ûngelok Jobbegea N392
(advertinsje)
(advertinsje)