Advokaat oer ôfdieling foar swiere kriminelen: "Zit tussen Vught en gewone gevangenis in"

14 feb 2020 - 18:20

By de nije ôfdieling foar swiere kriminelen yn de Ljouwerter finzenis wurdt it in stik dreger om te ûntsnappen as gewoan. Dat seit strafrjochtadvokaat Bart Canoy. "Naar aanleiding van een aantal ontsnappingen zei minister Dekker: daar moeten wij iets aan doen. Dat betekent dat je de beveiliging op zo'n afdeling sterker moet maken."

De Marwei yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Dizze wike waard bekend dat der in aparte ôfdieling yn de finzenis PI Leeuwarden komt. Dêr komme swiere kriminelen dy't flechtgefaarlik binne of dy't apart holden wurde moatte fan oaren. "Daar komt veel meer beveiliging, zodat er geen problemen ontstaan tussen gedetineerden onderling en zodat er minder plannen kunnen worden gemaakt om te ontsnappen."

Net sa strang as Vught

Sa strang as de Extra Beveiligde Inrichting yn Vught wurdt de nije ôfdieling yn Ljouwert krekt net. "Van Vught weten we vanuit de media dat het daar een heel streng regime is", seit Canoy. "Dat gaat in Leeuwarden niet plaatsvinden. In Vught is er nagenoeg geen contact met de buitenwereld. Daar is heel veel bewaking, bijna 1 op 1. Alle telefoongesprekken behalve met de advocaat worden gecontroleerd. Niet iedereen kan daar op bezoek komen. Het bezoek wordt ook gescreend. Die hele hoge beveiligingsgraad ga je hier niet krijgen. Het zit een beetje tussen Vught en een gewone gevangenis in."

Minder kontakt mei oare detinearden

De detinearden yn de nije ôfdieling yn Ljouwert sille minder kontakt ha mei oare detinearden as yn oare finzenissen. "Binnen de normale gesloten gevangenis is er heel veel contact met mede-gedetineerden. Dat is de gevangenis die we allemaal kennen", seit Canoy.

En oer hoe't dy der typysk út sjocht: "Die heeft een buitenmuur als beveiliging. Dat noemen ze de buitenste schil. En verder de binnenste schil, de cel zelf. Die kan op slot. Daartussen heb je ook een heleboel schillen, waar je kunt kijken naar de beveiliging. Dat kan beveiliging zijn met aanwezigheidscontroles, met camera's en kijken hoe de gedetineerden met hun vrije tijd omgaan."

1 maart klear

De nije ôfdieling yn Ljouwert moat op 1 maart klear wêze. Der komt betûft personiel, dat de ôfrûne tiid al ferskate trainingen folge hat.

Strafrjochtadvokaat Bart Canoy

(advertinsje)
(advertinsje)