Jutters hawwe it âlde skipswrak fan Skylge sloopt: "Het is zo zonde"

14 feb 2020 - 17:58

It skipswrak dat op hichte fan peal 10 boppe Skylge fûn is nei it stoarmwaar, is al net mear hiel. Jutters wiene dwaande om it âlde wrak, dat al in pear hûndert jier âld is, útinoar te heljen om it sa te ferpleatsen. Hille van Dieren fan Wrakkenmuseum Terschelling is der min oer te sprekken. Neffens him is it tige skande.

Hille van Dieren kin fan alles fertelle oer it skipswrak dat boppe Skylge fûn is. "Ze hebben hem behoorlijk gesloopt. Dat is jammer, want er zitten prachtige rondingen in. Dat kun je nog zien aan de spanten. Een deel ervan is overmaats gebouwd, een deel ligt als dakpannen over elkaar heen. Dat is een hele oude bouwwijze. Het is ook enorm zwaar gebouwd, heel dik ook. Hij was in elkaar gezet met houten pennen. Het eikenhout werd doorboord en men sloeg er zo'n pen in. Pas later deed men dat met ijzeren of koperen pennen."

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Van Dieren fynt it tige spitich dat it skipswrak net mear hiel is. "Voor mij is dat hartstikke jammer. Toen die jongens met een hoogwerker klaar stonden om het uit elkaar te trekken, zei ik: wat wil je daar nu mee? Ze zeiden: we maken foto's en zette 'm op de camping wel weer in elkaar. Maar dat is onmogelijk, die pennen krijg je nooit meer in die gaten. Het is zo zonde. Het had in één keer opgepakt moeten worden en deskundigen erbij moeten halen."

Woansdei komt de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed del om te sjen nei de konstruksje. Der wurde ek meunsters meinommen nei Lelystad foar ûndersyk.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld en Hille van Dieren fan Wrakkenmuseum Terschelling

It âlde skipswrak boppe Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
(advertinsje)
(advertinsje)