Súdeast-Fryslân krijt 15 miljoen euro fan it Ryk

14 feb 2020 - 17:43

It Ryk jout 15 miljoen euro oan Súdeast-Fryslân. Dat jild is ûnderdiel fan de regiodeal en is bedoeld om de regio te fersterkjen. Under Súdeast-Fryslân falle de gemeenten Smellingerlân, It Hearrenfean, Opsterlân, Eaststellingwerf en Weststellingwerf.

Appelskea fan de Bosbergtoer ôf - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Ien fan de saken dêr't it jild hinne giet is it lânskip, wêrûnder de beekdellingen De Lende en it Keningsdjip. Ek wurdt der wurke oan it wettersysteem fanwege de drûchteproblematyk.

By de regiodeals komt de helte fan de bydrage út it Ryk en op syn minst de oare helte út de regio sels. Súdeast-Fryslân hie in oanfraach dien fan 25 miljoen euro fan it Ryk. De waadgemeenten hiene ek in oanfraach dien, mar dy is ôfwiisd.

It is de tredde kear dat it Ryk jild útdielt mei de regiodeals. Yn in eardere ronde gong der al jild nei Noardeast-Fryslân, mei dêrby Holwert oan See.

Boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân

--
(advertinsje)
(advertinsje)