Alde edysjes Drachtster Courant noch hieltyd net online te finen

14 feb 2020 - 17:28

De âlde edysjes fan de Drachtster Courant oer 1864-1950 binne noch hieltyd net te sjen op de webside Delpher fan de Koninklijke Bibliotheek. Yn maaie die bliken dat der in konflikt wie by de Koninklijke Bibliotheek as behearder fan de webside en it bedriuw dat de âlde kranten scand hat.

In âlde Drachtster Courant - Foto: Delpher

Histoaryske stichting Smelne's Erfskip wie de behearder fan it krante-argyf. Neffens harren is it digitaal krijen fan de kranten yntusken in 'gebed zonder eind,' sa skriuwt de stichting yn har blêd.

Neffens Smelne's Erfskip wurdt de stichting noch hieltyd net goed ynformearre oer de fuortgong. Yn septimber hat de foarsitter fan Smelne's Erfskip mei de kultuerwethâlder fan Smellingerlân op besite west by de Koninklijke Bibliotheek yn Den Haag.

It die doe bliken dat der wat misgien is mei it ferwurkjen fan in partij kranten. Dêr foel de Drachtster Courant ek ûnder. Dêrom moast alles op 'e nij regele wurde, ek it oanbesteegjen. De Koninklijke Bibliotheek wie lykwols net ree om in termyn te neamen wêrbinnen de edysjes fan de Drachtster Courant digitaal te rieplachtsjen binne.

Wol hat de Koninklijke Bibliotheek de scans nei Smelne's Erfskip stjoerd fan de kranten tusken 1928 en 1950. Mar dêr hat it grutte publyk noch neat oan en de scans binne as ôfbylding ek net troch te sykjen op trefwurden.

Ek ôfrûne jier krige Smelne's Erfskip amper ynformaasje, wylst it eins de bedoeling wie dat de Drachtster Courant oer 1864-1950 al yn 2018 op Delpher te finen wêze soe.

(advertinsje)
(advertinsje)