Boargemaster slút drugspleats Wânswert offisjeel

Boargemaster Kramer fan Noardeast-Fryslân hat de pleats sletten dêr't tongersdei in drugslab yn ûntdutsen waard. It wenhûs en de gebouwen derby binne fersegele. De sluting jildt foar in healjier.
© Plysje
De gemeente en de plysje warskôgje derfoar dat kriminelen hieltyd faker boeren benaderje mei de fraach oft se har skuorre ferhiere wolle, om der in himpkwekerij of in drugslab yn ûnder te bringen. Se sizze dat minsken der goed om tinke moatte en freegje minsken ek om wach te wêzen op mooglike drugskriminaliteit yn it bûtengebiet.
It drugslab dat tongersdei yn in boerepleats yn Wânswert ûntdutsen waard, is yntusken ûntmantele troch de Landelijke Faciliteit Ontmanteling. Op de pleats waard nei alle gedachten methamfetamine, ek wol crystal meth, produsearre. Der binne ek syntetyske harddrugs fûn mei in strjitwearde fan sa'n 4 miljoen euro.