PODCAST: 'It keammerke fan de eangst'

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan 20 folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze fjirde Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'It keammerke fan de eangst'.

Oflevering 4: It keammerke fan de eangst

In jonkje fan 11 jier ferhûzet mei syn heit en mem nei in kastieltsje. Hy krijt in keammerke yn 'e toer tawiisd as syn sliepkeamer. Dêr is er hielendal net bliid mei: hy fielt dat it der net doocht. De twadde nacht dat er dêr sliept, sjocht er in âld man by de tafel sitten, mei in petroaljelampe en in swarte kat neist him. Hy kin dwers troch de man hinne sjen!
De man nimt in glês wetter, docht der wat poeiereftich guod yn en drinkt it op. Dan falt er mei syn holle op 'e tafel. It jonkje is spûkbenaud en raast om syn heit en mem. Hy wol net mear op it keammerke sliepe en krijt in oare sliepkeamer. In healjier letter, as syn freontsje by him is te boartsjen, komt er efter it hiele ferhaal...
Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.