It Fryske Gea mei Séfonsterpolder by Riis keapje fan provinsje

14 feb 2020 - 16:35

De Séfonsterpolder by Riis giet nei It Fryske Gea ta. Dat is no sa goed as wis. Freed is dúdlik wurden dat It Fryske Gea de polder keapje kin fan de provinsje Fryslân. Troch oare gadingmakkers foar de 25 bunder grutte polder kin noch beswier makke wurde tsjin de ferkeap oan de natuerbehearder.

De Séfonsterpolder - Foto: Foto: It Fryske Gea

Yn it ferline giene gebieten mei in wichtige natuerfunksje hast automatysk nei in natuerbehearder lykas It Fryske Gea of Staatsbosbeheer ta. De provinsje moast it ditkear oars oanpakke en ek oare partijen lykas boeren de kâns jaan om de grûn te keapjen. Wol mei de betingst dat der goed foar de natuer soarge wurdt.

Yn it gebiet is earder ek al jild stutsen om de natuer te helpen. Omdat der no potinsjeel folle mear gadingmakkers in kâns makken de polder te keapjen, wie it foar It Fryske Gea perfoarst gjin útmakke saak dat sy it gebiet yn hannen krije koene. De natuerbehearder hat al in soad gebieten by en oan De Iselmar.

Van den Burg: "In prachtkâns"

Germ van den Burg fan It Fryske Gea is tige wiis mei de polder. "Wy binne dé Fryske natuerorganisaasje en hawwe as doel om dy natuer te behearen. Dus wy woene it graach hawwe. Der wiene seis ynskriuwers haw ik begrepen, dus it wie foar ús best wol spannend. Dit gebiet is foar ús unyk om't it tsjin de Rysterbosk oan leit en it is in polder. It is troch de provinsje al ynrjochte as natuer, benammen as gerslânnatuer. Hjir lizze kânsen om mear blommen yn it gerslan te krijen. Dat is dan ek ús doel."

It gebiet is jierren foar de lânbou brûkt en bedonge. "Yn it ferline wie it agraryske grûn, mar de provinsje hat der natuergrûn fan makke. Wy wolle ekstinsiver beheare, en blommen en krûden werom bringe. dat is goed foar it bioferskaat. Wy wolle ek de boskrâne fierder ûntwikkelje. Dat is ek wer goed foar de fûgels, flinters en baaien. It is in moaie kâns." Dat wie noch wol spannend. "Wy hiene dit noch nea by 't ein han en der wie konkurrinsje, dat makke it spannend. Wy moasten in plan meitsje en in bod dwaan."

Van den Burg ferwachtet dat It Fryske Gea takom simmer yn it gebiet oan de gong kin.

Germ van den Burg fan It Fryske Gea

(advertinsje)
(advertinsje)