SC Hearrenfean ûndersiket straffen foar misdragende Feyenoordsupporters

14 feb 2020 - 16:27

Sportklup Hearrenfean ûndersiket oft it mooglik is om mei kamerabylden Feyenoordsupporters dy't har tongersdeitejûn yn It Abe Lenstra Stadion misdroegen ha te identifisearjen en te straffen. Hearrenfean krige klachten fan de eigen supporters oer de oanwêzichheid fan fans fan de Rotterdammers dy't provosearjend gedrach toanden.

Rellen op de haadtribune by Hearrenfean - Feyenoord - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn in reaksje skriuwt Hearrenfean dat se de klachten fan de supporters begripe. "De club betreurt het dat een deel van onze supporters zich daardoor niet thuis heeft gevoeld in het Abe Lenstra stadion."

Net wer

De klup wol dat soks yn de takomst net wer bart: "De grote aanwezigheid van (provocerende) Feyenoordsupporters in de thuisvakken en stadionruimten donderdagavond was ongewenst en is voor in de toekomst onacceptabel."

Omdat der yn it ferline ek alris wat bard wie, hie Hearrenfean besocht foar te kommen dat Feyenoordsupporters tusken de Hearrenfeansupporters sieten. "Zo konden alleen seizoen- en clubkaarthouders via de officiële clubkanalen kaarten kopen." Op foarhân hat Hearrenfean gjin útsupporters út de thúsfakken holden. Wol hat Hearrenfean oan se frege om respektfol en 'gepast' gedrach. "Helaas is dit niet overal gebeurd", meldt de klup.

Skerpere feilichheidsmaatregelen

Yn de takomst wurde feilichheidsmaatregels by guon wedstriden oanskerpe, skriuwt Hearrenfean. De klup sil dêroer ynkoarten yn petear mei de plysje, it Iepenbier Ministearje en de lokale oerheid.

(advertinsje)
(advertinsje)