Nije Beheerautoriteit Waddenzee komt yn Ljouwert, direkteuren bekend

Christine Wijshake en Marre Walter wurde mei yngong fan 1 maart direkteur fan de nagelnije Beheerautoriteit Waddenzee. Wijshake sil oan de slach as direkteur Bestjoer en Walter wurdt direkteur Behear. De nije Beheerautoriteit Waddenzee falt ûnder it ministearje fan Lânbou.
De Waadsee foar de Fryske kust © Remco de Vries
Doel fan de nije organisaasje is om ta in better behear fan de Waadsee te kommen, op it mêd fan natuer-, fisk- en wetterbehear. Der wurdt in behearplan opsteld en útfierd. De nije Beheerautoriteit Waddenzee wurdt fêstige yn Ljouwert.
De komst fan de Beheerautoriteit Waddenzee waard al oankundige yn it regearakkoart. It ministearje is mei de provinsjes Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân opdrachtjouwer fan de twa direkteuren.