Trettjin hynders yn Lauwersmar nei de slacht brocht

14 feb 2020 - 15:42

Trettjin hynders dy't yn it natuergebiet Lauwersmar rûnen, binne nei de slacht brocht. De hynsten wiene fan it Oostvaardersveld yn Flevolân oerbrocht nei it gebiet op de Frysk-Grinslanner grins, mar neffens Steatsboskbehear wiene se 'te optwingerich' foar minsken. "Het was moeilijk voor fietsers en wandelaars om erlangs te komen", seit boskwachter Jaap Kloosterhuis tsjin RTV Noord.

Foto: RTV Noord, Steven Radersma

Natuerorganisaasjes dy't groepen wylde kij en hynders beheare, litte geregeld bisten slachtsje. Dat is soms om it gedrach fan de bisten, mar ek om keppels te ferjongjen, yntylt foar te kommen en in te grutte oanwaaks ôf te remjen. Fleis fan slachte bisten wurdt ferkocht as 'wyldernisfleis'.

Yn Lauwersmar is plak foar sa'n 250 konikhynders. Alle twa jier wurde tsientallen bisten út de groep helle. De 28 merjes dy't ek oerkaam binne út it Oostvaardersveld, bliuwe noch wol yn Lauwersmar. De brutalere hynsten soargen it ôfrûne jier foar wat ynsidinten mei kuierders en fytsers. "We kregen klachten. Wandelaars vonden de paarden opdringerig", seit Kloosterhuis. "Onze eigen konikpaarden zijn heel schuw. Maar deze paarden zijn op hun vorige plek vast vaak in aanraking gekomen met mensen en gevoerd."

(advertinsje)
(advertinsje)