Wetterpeil yn Lauwersmargebiet ferhege: reidproef giet troch

14 feb 2020 - 15:38

De rjochter hat tastimming jûn foar de reidproef yn it Lauwersmargebiet. Dy proef hâldt yn dat it wetterpeil seis wiken lang ferhege wurdt, sa't it reid better groeie kin. Dat wurdt no nei de eftergrûn twongen troch beammen en strûken. Boeren, omwenners en rekreaasje-ûndernimmers hawwe besocht de proef tsjin te hâlden mei in koart pleit, mar de rjochter hat oars besletten.

It Lauwersmargebiet - Foto: Shutterstock.com

De proef wurdt twa jierren yn febrewaris útfierd en komt by de provinsjes Fryslân en Grinslân en it wetterskip Noorderzijlvest wei. It hege wetterpeil soarget derfoar dat oare planten stjerre en it reid wer groeie kin. Sa is der ek wer mear romte foar bisten, lykas de seldsume reiddomp.

Natuerûntwikkeling

It wetterpeil giet 40 sintimeter omheech. Boeren tinke lykwols dat harren lânbougrûn sâlter wurdt troch it hegere wetter. Mar de provinsjes hawwe tasein daalks mei de proef op te hâlden as grinswearden foar it sâlter wurden fan grûn te bûten gean wurde. Der wie al in fergunning ôfjûn.

De proef soe sneon úteinsette, mar dat is ferpleatst fanwege it minne waar dat der oan komt. De proef einiget dit jier op 31 maart.

(advertinsje)
(advertinsje)