Keamerfraksje PvdA wol opheldering oer fergunningen fleanbasis Ljouwert

14 feb 2020 - 15:05

De PvdA-fraksje yn Den Haag hat Keamerfragen steld oer de fergunningen fan de fleanbasis Ljouwert. Ut stikken fan de Inspectie Leefomgeving en Transport soe bliken dwaan dat de fleanbasis net de goede fergunningen hat om út te wreidzjen en him dus net oan de miljeuregels hâldt.

De fleanbasis yn Ljouwert - Foto: ANP

Neffens wurdfierder John Kerstens easket de PvdA no opheldering fan minister Ank Bijleveld fan Definsje. De Twadde Keamerfraksje fynt dat de oerheid yn sa'n gefal it goede foarbyld jaan moat en Definsje him as 'goeie buorman' hâlde moat. Foaral as it giet om kwetsbere dossiers dy't de omjouwing en omwenjenden fan de fleanbasis bot reitsje.

Mocht alles wol neffens de regels wêze, dan wol Kerstens dat Definsje sa gau as mooglik de goede fergunnings op tafel leit. De kwestje leit gefoelich, foaral nei de komst fan de F-35 nei Ljouwert.

John Kerstens (1)

John Kerstens (2)

'Effekt op natuergebieten net meinommen'

Ek advokaat Gina Kamsma út Ljouwert jout oan dat de fleanbasis Ljouwert net de goede omjouwingsfergunning hat. Neffens har is it effekt op beskerme natoergebieten ek net meinommen yn de takomstige beslútfoarming. Kamsma tinkt dat it belang fan Definsje swier telt en de situaasje akseptearre wurdt, salang't de easke fergunningen der noch net lizze. It beäntwurdzjen fan de Keamerfragen moat binnen trije wike plakfine.

Gina Kamsma (1)

Gina Kamsma (2)

(advertinsje)
(advertinsje)