60 meldingen by diskriminaasjemeldpunt Tûmba Ljouwert oer coronafirus-liet

14 feb 2020 - 14:50

It Iepenbier Ministearje ûndersiket oft de tekst fan in karnavalsliet oer it coronafirus strafber is of net. Plysje en anty-diskriminaasjeburo's krigen der hûnderten meldingen oer. Diskriminaasjemeldpunt Tûmba yn Ljouwert krige yn twa dagen tiid 60 meldingen.

Coronafirus - Foto: ANP

Gewoanwei komme der sa'n 200 meldingen it jier binnen. As de tekst echt as diskriminearjend beoardiele wurdt, kin der in strafrjochtlik ûndersyk komme.

It liet is makke troch presintator Lex Gaarthuis fan Radio 10. Der wurdt yn suggerearre dat de Sineeske mienskip yn Nederlân it coronafirus oerdroegen hat.

(advertinsje)
(advertinsje)