Suksesfolle rentree Sjinkie Knegt: relayploech nei heale finale

14 feb 2020 - 20:45

Sjinkie Knegt hat freedtejûn yn Dordrecht mei sukses syn offisjele rentree yn it shorttrack makke. Hy stie by de wrâldbeker oan de start oan de relay by de manlju. De ploech waard tredde yn de kwartfinale, mar de tiid wie rap genôch om mei de hakken oer de sleat troch te gean nei de heale finale. Dy is sneontemiddei.

Sjinkie Knegt by syn rentree yn Dordrecht - Foto: www.orange-pictures.nl

Knegt syn lêste wedstriid wie mear as in jier lyn. Begjin 2019 rekke er ferwûne nei in ûngelok mei de houtkachel. Moandei waard dúdlik dat Knegt dit wykein yn aksje komme soe op de yndividuele ôfstannen. Dêrfoar krige er in wildcard, sadat er de kwalifikaasje oerslaan koe. Sneon rydt hy de 1.500 meter en snein de 1.000 meter. Oft er ek meidwaan soe oan de relay, wie noch ôfwachtsjen. Dat waard freedtejûn pas bekend.

Earder op de dei hie Suzanne Schulting de kwalifikaasjeronde op de 1.000 en 1.500 meter al oerlibbe. Se wûn har heat en pleatst har foar it haadtoernoai op sneon en snein. Schulting kin dit wykein winneres wurde fan it wrâldbekerklassemint op de twa ôfstannen.

Foto: ANP

Sven Roes wûn ek knap syn heat op de 1.500 meter troch ûnder oare de Koreaan Kim Dong Wook foar te bliuwen. Rianne de Vries waard op deselde ôfstân by de froulju útskeakele. Se waard op grutte efterstân fjirde yn har heat.

Ek Daan Breeuwsma oerlibbe de kwalifikaasje net. Hy waard op de earste 1.000 meter twadde yn syn heat en syn tiid wie net rap genôch om as tiidrapste troch te gean. Itzhak de Laat pleatst him wol foar de kwartfinales op de 1.000 meter. Op de twadde 1.000 meter wist Breeuwsma wol de kwartfinale te berikken, troch syn heat te winnen.

Letter op de middei slagge it De Laat ek om him te pleatsen foar de kwartfinale op de 500 meter. Hy waard earste yn syn heat. Roes syn tredde plak wie net genôch.

By de froulju gong net allinnich Schulting troch op de 1.000 meter, ek Rianne de Vries pleatste har foar de kwartfinale. Se waard twadde yn har heat en har tiid wie rap genôch.

Relay

De mixed relay helle it net yn de kwartfinale. It team, dat njonken de Friezen Schulting, De Laat en Breeuwsma bestie út Lara van Ruijven, waard tredde efter Sina en Japan. Dêrnei helle de frouljusploech wol mei oertsjûging de heale finale. Schulting, De Vries, Van Ruijven en Yara van Kerkhof waarden earste yn harren kwartfinale.

In oere foar de start makke bûnscoach Jeroen Otter bekend dat Knegt yn de manljusrelayploech opnaam wie. Nederlân bestie sels út in folslein Frysk team: njonken Knegt diene Daan Breeuwsma, Sven Roes en Itzhak de Laat mee.

De ploech gong lang oan de lieding yn de kwartfinale, mar waard yn de lêste rûntsjes ynhelle troch Súd-Koreä en Kanada. Dy lannen wiene troch in plak by de earste twa wis fan de heale finale. Letter waard dúdlik dat ek Nederlân it helle, omdat de tiid rapper wie as dy fan Kazachstan, de nûmer trije yn de lêste kwartfinale.

(advertinsje)
(advertinsje)