Swimalvestêdetocht Stefan van der Pal yn it earste wykein fan july

14 feb 2020 - 14:01

Stefan van der Pal begjint tongersdei 2 july oan syn swimalvestêdetocht. Dat hat de triatleet freedtemiddei bekendmakke. De tocht fan hast 200 kilometer duorret nei alle gedachten oant sneintejûn.

Earder waard al bekendmakke dat Van der Pal 'om de noard' swimme sil. Dat betsjut dat er earst fan Ljouwert nei Dokkum swimt en dan sa nei it suden ta. Van der Pal kiest foar dizze opsje fanwege de skiednis fan de Alvestêdetocht. By de earste offisjele tocht op redens yn 1909 waard der ek oer dy rûte riden.

Fierder hat Van der Pal freed sein dat de start efter stedsskouboarch De Harmonie is en dat der dan 111 minsken meiswimme kinne. Fan freed ôf kinne minsken ek donearje, dat kin op de website It giet mâl. It jild dat ophelle wurdt, giet nei trije goeie doelen foar bern mei kanker: Stichting Semmy, Make-A-Wish en Stichting KiKa.

Foto: Omrop Fryslân

Wa is Stefan van der Pal?

Stefan van der Pal is dosint mar ek altyd op syk nei sportive útdagingen. Hy hat twa kear de Frysman-triatlon wûn. Dêrby moast 4 kilometer swimme, 180 kilometer fytse en in maraton (42,2 km) drave. Yn 2018 hat hy de alvestêdetocht ek al ris hurdrinnend dien yn 24 oeren en 53 minuten.

Underfining yn it swimmen hat er ek al. Yn 2011 hat hy de Alvestêdetocht swommen yn estafettefoarm mei fjouwer kollega-triatleten. It plan om de Alvestêdetocht hielendal allinnich te dwaan, liet him net los. It soe dan ek heve yn 2018, yn gearwurking mei Van der Weijden, mar Van der Pal woe der fiif dagen oer dwaan en Van der Weijden trije dagen. Dat wie net goed op inoar oan te sluten.

Bloed, echo en it werstel yn de gaten hâlde

De folgjende grutte trainingstocht fan Stefan van der Pal is snein oant en mei freed. It doel is om 72 oeren te swimmen yn swimbad Kalverdijkje. Sa wol Van der Pal eltse kear mear oeren swimme. Hy soe it wol faker dwaan wolle, mar om't hy dosint is, hinget it by him ôf fan de skoalfakânsjes. Dizze kear komt der ek alle dagen in medysk team nei it swimbad. Se nimme bloed ôf, meitsje in echo fan syn hert en kinne sa yn de gaten hâlde hoe't hy werstelt.

Van der Pal sei: "Het liefst wil je alles zo snel mogelijk bekend maken, zodat iedereen het weet. Het is moeilijk om het voor je te houden. Wat mij betreft gaat het zwemmen heel goed, de organisatie die erbij komt kijken is natuurlijk wel enorm. Er komt zoveel bij kijken wat wij in het begin niet wisten. Gelukkig helpen steeds meer mensen ons."

Stefan van der Pal oer syn tocht

Omrop Fryslân folget Stefan van der Pal yn syn tarieding op de tocht. Sjoch hjir ûnder hoe't dat giet. Foar mear ynformaasje oer syn tocht: www.stefanvanderpal.nl en www.itgietmal.nl

(advertinsje)
(advertinsje)