Van der Pal swimt, Ton Visser draaft in wike lang maratons

14 feb 2020 - 13:46

Ultrarinner Ton Visser fan Boalsert sil kommende simmer, krekt lykas swimmer Stefan van der Pal, in sportive topprestaasje delsette om jild op te heljen foar kankerûndersyk. Visser wol sân dagen lang, alle dagen in maraton om Boalsert drave.

Ultrarinner Ton Visser - Foto: Omrop Fryslân

It is fris as hy freedtemoarn de doar útstapt. Eins binne syn trainingen foar de ultra-maraton noch net úteinset, mar dochs wol er eefkes in 'blokje om'. "Ik bin no noch wat oan it bûtenboartsjen, mar dat is ek wichtich", sa fertelt er.

Visser kaam op it idee fan syn aksje nei't er ferline jier mei in soad wille langere ôfstannen oan it draven wie. Dat joech him sa'n goed gefoel, dat er der wat mei dwaan woe. Op itselde momint hie in draaffreon fan him de diagnoaze kanker krigen. "Hy koe doe net mear dat moaie draafgefoel hawwe, en dus woe ik wat dwaan." It idee fan in wike lang maratons drave ûntstie.

Meidrave

It is de bedoeling dat Visser alle dagen op in leech tempo itselde rûntsje draaft. Dy ôfstân sil dan opdield wurde yn langere en koartere ôfstannen, sadat er de lêst dosearje kin. Minsken dy't mei him meidwaan wolle, kinne har dêrfoar opjaan. De rûte rint troch en om Boalsert hinne.

De draaftocht fan Visser set op 17 augustus útein, it jild dat ophelle wurdt giet nei deselde doelen as fan de aksje fan Stefan van der Pal.

(advertinsje)
(advertinsje)