Freedsmerk oer Valentijn: "All you need is love? Dat is ek mar betreklik"

14 feb 2020 - 13:23

It is 14 febrewaris en dat betsjut: Valentijn. Is dat no in moaie dei om de leafde te fieren, of is it in kommersjeel feestje foar de blommist en de goudsmid? Op de Ljouwerter freedsmerk komme alle mieningen foarby.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Sa lit in 'happy-single' witte dat er wiis is allinnich te wêzen. "As je sjogge hoefolle minsken wer út inoar gean, dan is dat All you need is Love-gedoch mar betreklik!" Oaren wiene wiis mei de leafde, mar fiere dat krekt nét op 14 febrewaris: "Wy dogge der alle dagen oan, mar dan net. Lekker dwers."

Lytse attinsje fan leafde

In jonge frou fynt it krekt moai om der wól oan te dwaan: "It hoecht net mei in djoer kado, mar in lytse attinsje fan leafde. Dat is prachtich toch?" Fan twa senioaren kamen ferskate reaksjes. De ien hie it noch nea sa goed hân, wylst de oare sei dat it him aardich wat tiid kostet om 'foar te gloeien'. It ferskil soe 'm sitte yn in 'lyts blau piltsje.'

In jonge frou dy't fertelde dat de Valentijn-tradysje har net folle sei, joech ta dat dit miskien ek wol komt om't sy al in skoft gjin kaartsje krigen hat... En dan waard der ek noch in moaie bibeltekst sitearre: "De liefde is geduldig, de liefde is vriendelijk, de liefde is niet jaloers. Zij doet niet gewichtig en is niet trots."

Ferslachjouwer René Koster freget nei Valentijn

Trefwurden: 
Ljouwert freedsmerk Valentijn
(advertinsje)
(advertinsje)