Drugslab Wânswert ûntmantele; noch gjin fertochten op it each

14 feb 2020 - 12:35

It drugslab dat tongersdei yn in boerepleats yn Wânswert ûntdutsen is, is ûntmantele troch de Landelijke Faciliteit Ontmanteling. Op de pleats waard nei alle gedachten methamfetamine, ek wol crystal meth, produsearre. Der binne ek syntetyske harddrugs fûn mei in strjitwearde fan sa'n 4 miljoen euro.

Foto: Plysje

Njonken it aktive drugslab fûn de plysje ek in lab dat noch yn oanbou wie. De plysje hie in tip krigen fan minsken dy't mooglike kriminele aktiviteiten sjoen hiene op de pleats oan de Wirdsterterp yn Wânswert. Op basis fan dy tips wie de plysje oan in ûndersyk begûn.

Der wurdt no in ynventaris makke fan alles wat der fûn is. De plysje is noch hieltyd net in fertochten op it spoar en it ûndersyk is noch yn folle gong. Se dogge buertûndersyk, besykje leveringen te trasearjen en sjogge nei levering fan de grûnstoffen foar it drugslab.

Minsken dy't mear witte of ynformaasje hawwe oer it drugslab, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)