Finzene PI Ljouwert oerpleatst om ûntsnappingspoging foar te kommen

14 feb 2020 - 19:36

In finzene fan de PI Ljouwert is tongersdei oerpleatst nei in oare finzenis. De Dienst Justitiële Inrichtingen (DJI) seit dat se oanwizingen hiene dat der sprake wie fan it begjin fan in ûntsnappingspoging út de finzenis. De plysje assistearre by de oerpleatsing fan de finzene mei in spesjale ienheid.

Hoe't de ûntsnappingspoging yn elkoar stuts en hoe fier hinne oft de plannen al wiene, is net bekend. Nei hokker finzenis de finzene oerpleatst is, binne ek gjin útspraken oer dien.

Woansdeitejûn waard bekend dat der yn de PI Ljouwert in spesjale finzenisôfdieling komt foar swiere kriminelen dy't flechtgefaarlik binne of dy't apart holden wurde moatte fan oaren. Op de ôfdieling moat yntinsyf tafersjoch wêze.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)