Plysje hâldt meardere bestjoerders oan yn Ljouwert

De plysje fan Ljouwert hat tongersdeitejûn meardere oanhâldingen ferrjochte. Ien Ljouwerter siet mei kokaïne op efter it stjoer en hie gjin rydbewiis by him en in oare bestjoerder hie tefolle drank op en ried hurd oer de Twibaksmerk.
© ANP
De plysje fan Ljouwert hat tongersdei om 20.30 hinne oan it Frouwesân in Ljouwerter oanholden. De bestjoerder waard foar de fiifde kear trappearre efter it stjoer sûnder dat er in rydbewiis by him hie. De plysje kaam der ek efter dat de fertochte kokaïne brûkt hie. Op it plysjeburo is in bloedproef dien. De auto is yn beslach naam en de persoan mei 24 oeren net ride.
Letter op de jûn moast de plysje wer oan de bak. Doe is der in bestjoerder oanholden dy't te hurd oer de Twibaksmerk ried. De plysje hat de ynsitters oansprutsen, mar dy wiene útstapt en woene net sizze wa't efter it stjoer siet. Tsjûgen koene dat lykwols wol oan de plysje fertelle. De bestjoerder hie te folle drank hân en krige dêrom in boete fan 425 euro.